Teaterstik ‘’Bij Hiske’’
D’r wurdt yn spile, song en dûnse

Hoewol‘t Froukje by de âlderen ûnder ús bekend is en de herberch “Folksherberch Loopstra” hiet, is de namme “Hiske” yn de folksmûle in begrip wurden.
Jim wurde yn dit teaterstik meinaam hoe as it der yndertiid (1875 – 1968) yn de ‘’Folksherberch’’ oan ta gong. It wie dêr in swiete ynfal fan markante persoanen en klanten. De sfear, dy ’t der hearske, wie bysûnder. It stik is basearre op feiten.

Oer Hiske
Yn 1875 bouden Freerk Oenes Loopstra en syn frou Froukje, alias Poai, de Folksherberch (kafee, anneks winkeltsje) stiif tsjin de dyk oan (no De Koaibosk) nei Terwispel. Harren soan Pieter trof Hiske, in leave jongfaam, dy ’t de hannen út de mouwe stekke koe. Sy kamen ek te wurkjen yn de folksherberch, dat ’t in sosialistysk bolwurk waard.

Hiske waard al betiid widdo; Pieter stoar op 38-jierrige leeftyd. Doe’t de trije bern fan Hiske en Pieter folwoeksen wiene kaam dochter Froukje te wurkjen yn de folksherberch. Pytsje en har man Gerrit Roorda stienen Hiske faak by yn it kafee.                 Froukje wie de lêste útbaatster fan de herberch. Op 11 desimber 1968, 50 jier lyn, is sy stoarn.

Spilers, sjongers, muzikanten en dûnsers
Sa’n 35 (ald-)ynwenners fan Terwispel

Skriuwer/rezjy
Skriuwer: Griet Bergsma / Rezjy: Jos van der Veldt

Spyldata
Tiisdei 11 desimber (fol)/ freed 14 desimber (fol)/ sneon 15 desimber (fol)

Tiid
De seal is iepen fanôf 20.00 oere. Oanfang: 20.30 oere

Plak
Kafee Spaltenbrêge (De Streek 79 yn Terwispel)

Yntree
€ 10,-
Kontant betelje kin op de jûn sels
Leden fan “Toanielferiening Sizze en Dwaen” fergees

Foar mear informaasje: Eke de Boer, De Streek, 06-10775382