Sizze & Dwaen sûnt 1902

It feit dat wy ús no presintearje mei in webside, jout oan dat Sizze en Dwaen mei de tiid meigien is en libbet as in hert. Mar as selsbewuste feriening hawwe wy wol weet fan de histoarje en witte wy wêr’t wy yn woartele binne.

Yn 1884 is “De vriendenkring – Door oefening” oprjochte yn de âlde folksherberch “Hiske”.

1

Achterste rij fan links nei rjochts: Yga de Spa, Andries Heida, Jan Ebbes, Froukje de Leeuw, Chris Liemburg en Ids Idzenga. Middeltste rij: Anneke Bron, Gerrit Roorda, Jelle Veenstra en Atje Veenstra. Foarste rij: Wieger de Bos, Evert Bron, Froukje Loopstra en Pietje Roorda-Loopstra

Achterste rij fan links nei rjochts: Yga de Spa, Andries Heida, Jan Ebbes, Froukje de Leeuw, Chris Liemburg en Ids Idzenga. Middeltste rij: Anneke Bron, Gerrit Roorda, Jelle Veenstra en Atje Veenstra. Foarste rij: Wieger de Bos, Evert Bron, Froukje Loopstra en Pietje Roorda-Loopstra

Fan dat stuit of is dêr by Hiske alle jierren toanielspile. En sa is, sa’t letter blykt, Sizze & Dwaen ferbûn mei de opkommende arbeidersbeweging, want “Hiske” wie in read nust mei Gerrit Roorda as fêste besiker en skoansoan fan Hiske Loopstra. Op de spilerslist komme wy de Roorda’s en de Loopstra’s dan ek geregeld tsjin. De toanielútfierings barden ûnder it tasjend each fan Domela Nieuwenhuis, dy’t by Hiske oan it lewant hong. De kar fan stikken lykas De Jildstumper ( De Vrek fan Molière) en Arme Rijken ( Nono) hiene alles te krijen mei de libbensomstannichheden fan dy tiid.
Spitigernôch is net bekend wat dêr tusken 1884 en 1902 spile is en troch wa. Yn 1902 is Sizze & Dwaen oprjochte troch Ype Schouwstra, Jan de Jong (7 jier bestjoer), Anne Lageveen, Tjeerd Oosterhof en Andries Leffering.
Harren plak wie kafee “Kerkebuurt” (Streek 12). Letter ferhúzen sy nei kafee Velde, letter Meyerhof en no Jolke Nijenhuis.

Sizze en Dwaen 1906. Achterste rij fan links nei rjochts: Anne Lageveen, Anne de Boer, Jannes Meijer, Idske Velde, Goaitsen Burgy, Tjeerd de Jong, Theunis Lageveen en Hendrik de Jong. 2e rij: Freerk v.d. Vliet, Arnoldus van Bruggen, Siefer Venema, Hendrik v.d. Vliet, Minze van Zwol, Jeen de Jong, Bouke van Zwol en Andries Leffering. 3e rij: Jurretje Bergsma, Janna van Dam, Feikje van Zwol, Martientje van Dam, Froukje Oosterhof, Griet Burgy, Atje v.d. Wijk en Limkje v.d. Vliet. Foarste rij: Aaltje Hofstra, Popkje van Bruggen, Jan Polstra, Willem Leffering, Atze H. Dijkstra, Thomas Velde en Marie v.d. Meulen. Foto fan Zwaantje de Boer-Bosscha.

Sizze en Dwaen 1906. Achterste rij fan links nei rjochts: Anne Lageveen, Anne de Boer, Jannes Meijer, Idske Velde, Goaitsen Burgy, Tjeerd de Jong, Theunis Lageveen en Hendrik de Jong. 2e rij: Freerk v.d. Vliet, Arnoldus van Bruggen, Siefer Venema, Hendrik v.d. Vliet, Minze van Zwol, Jeen de Jong, Bouke van Zwol en Andries Leffering. 3e rij: Jurretje Bergsma, Janna van Dam, Feikje van Zwol, Martientje van Dam, Froukje Oosterhof, Griet Burgy, Atje v.d. Wijk en Limkje v.d. Vliet. Foarste rij: Aaltje Hofstra, Popkje van Bruggen, Jan Polstra, Willem Leffering, Atze H. Dijkstra, Thomas Velde en Marie v.d. Meulen.
Foto fan Zwaantje de Boer-Bosscha.

It is net alhiel dúdlik hoe, mar beide ferienings binne op in stuit ien wurden. Dêrneist
wie der noch in toanielferiening yn Terwispel: “Nut & Genoegen”. Fan dy skiednis is net
folle bekend, mar dúdlik is dat dizze feriening yn 1950 ek opgien is yn Sizze & Dwaen. De útfierings wiene doe yn kafee Meyerhof, letter yn it doarpshûs (yn de âld skoalle), neidat de skoalle ferhúze wie nei it hjoeddeistich plak. Fan 1987 ôf is it nije doarpshûs, ús basis.

Yn 1905 sjogge wy foar it earst in de Boer ferskinen. Dizze famylje ûntjout him al gau as de spil fan de feriening en dat duorret oant 1964, as Jan de Boer syn lêste rol spilet.

Jan de Boer spile 55 rollen (!), Anne de Boer 19, Bontsje de Boer 14, Tjeerd de Boer 13 en Jan Bearn de Boer 11. Yn it bestjoer fine wy: Jan de Boer (9 jier), Anne de Boer (14 jier), Bontsje de Boer (5 jier), Tjeerd de Boer (3 jier) en Jan Bearn de Boer (34 jier!)

Mar der binne mear leden, dy’t as spiler en as berstjoerslid in grutte bydrage levere ha oan it fuortbestean fan Sizze en Dwaen, lykas:

Namme spile bestjoer
Jappie Berga 30 rollen 18 jier
Anneke Heida 29 rollen 12 jier
Harm Zwaga 28 rollen 10 jier
Sietze van der Heide 27 rollen 18 jier
Tjeerd van Zwol 25 rollen 23 jier
Roelfke de Vries-van Seijen 25 rollen 21 jier
Jitske Bosma – Biesma 22 rollen 20 jier
Jan Mulder 22 rollen …..
Douwe Knol 23*)   7 jier
Aldert Koopmans sr 16 rollen   6 jier
Binne Visser 15 rollen   4 jier
Yme Jan van der Draai 12 rollen   4 jier
Henk Oord 11 rollen 11 jier
Geiske Wijnstra – de Boer 10 rollen 10 jier
Sipke Hemkes   9 rollen 15 jier

*) net spile, lûd en ljocht

 

It histoarysk besef fan Sizze & Dwaen is ek ta útering kommen yn ferskate jubileumproduksjes. By dy gelegenheden is “In Tizeboel” fan Gooitzen Burgy gauris spile. Der wie in revu by de iepening fan it nije doarpshûs yn 1987 en in teaterstik by it 110 jierrich bestean, beide skreaun troch Jos van der Veldt. In hichtepunt wie it opfieren fan it iepenloftspul “It spektakelstik” op lokaasje ‘De Lindelaar’ fan de famylje Koopmans yn 2002, ta gelegenheid fan 100 jier Sizze en Dwaen.

In sêne út it iepenloftspul. Boppeste rige: Erik Wagenaar, Tineke Vlietstra, Geke van Seijen, Jorn Idzerda. Midden: Jan Idzerda, Tryntsje Veenstra. ûderste rige: Fokje van der Werf, Jochem Verschoor

In sêne út it iepenloftspul.
Boppeste rige: Erik Wagenaar, Tineke Vlietstra, Geke van Seijen, Jorn Idzerda. Midden: Jan Idzerda, Tryntsje Veenstra. ûderste rige: Fokje van der Werf, Jochem Verschoor

Skriuwer Keimpe Vlietstra hat him liede litten troch de skiednis fan Sizze & Dwaen. Hy folge in tal toanielfamyljes fan de tiid dat dêr noch twa ferienings wiene, oant it jubileumjier 2002, as ien fan de Terwispeler akteurs op it fleantúch nei Hollywood stapt om dêr karriêre te meitsjen.

5Auto’s, brommers, traktors, fytsen,hynders , ja sels in fleantúch makken fan dizze produksje in wier spektakelstik. By dit ieuwfeest is ek in boekje útjûn: “In ympresje fan hûndert jier toaniel yn Terwispel (1902 – 2002) Sizze & Dwaen”.  It stik by fan Gooitzen Burgy wie net de iennichste tizeboel foar Sizze en Dwaen.
Ek it oerlevere argyf koe dy namme mei eare drage, mar troch in resinte rekonstruksje is it aardich út ‘e tiis helle. De yn it jubileumboekje opnommen listen koene no fierder oanfolle wurde en der is no in kreas oersjoch fan de spile stikken, de rolbesetting en de gearstalling fan it bestjoer fan 1902 ôf. Op de list fan spilers steane 646 nammen en der binne oant no ta 1663 rollen spile. Sa no en dan komt der nei oanlieding fan publikaasjes yn de doarpskrante “Wispelweagen” noch nije ynformaasje boppe wetter. Sa kinne wy de listen hieltiid fierder oanfolje. Wy hawwe lykwols noch net alle stikken op in rychje en ek net alle spilers. Troch betizing mei de nammen is it net altiten dúdlik of it by ferskate ferzjes om deselde persoan giet of dat der mear minsken wienen mei deselde namme. Dêrom neame wy it ek in rekonstruksje. Hoe ‘t it krekt wie sille wy wol nea witte, mar yn grutte halen witte wy wêr ‘t wy yn woartelje. En dat is it wichtichst: mei beide fuotten op de grûn, fierder bouwe oan de takomst fan Sizze & Dwaen.


Bestjoer

bestjoer namme mail tillefoan
Foarsitter Douwe Knol adviesburoknol@hetnet.nl 0513-461340 / 06-53321135
Skriuwer Douwe Knol adviesburoknol@hetnet.nl 0513-461340 / 06-53321135
Ponghâlder
Lid Gerda Geerts
Lid
Lid