Achte tonielfreonen,

Sûnt septimber binne wy drok oan it repetearren foar ús nije foarstelling. Dat giet yn in goede sfear, mei in soad wille. Lokkich binne wy der yn slagge om de lêste manlike spiler te finen. Op de kemping komme de kempinggasten hyltiid mear yn harren rol.

Fierder hawwe wy it drok mei it sykjen fan atribúten en materialen om it stik goed foar it deiljocht te krijen.

Oan de ein fan dizze moanne wurdt de kontribúsje fan de leden automatysk ôfskeaun. Begjin jannewaris krije alle leden dan harren lidmaatskipskaarten yn de bus mei dêrby in útnûging foar it stik.

Alle leden en sponsoaren krije dan oan ’t moandei 13 jannewaris de tiid om foar ien fan de trije foarstellings op freed 24 as sneon 25 jannewaris om 20.00 ûre as sneintemiddei 26 jannewaris om 17.00 ûre in plakje te reservearen. Tagong is foar leden fergees. 

Fanôf 14 jannewaris gean de oerbleaune sitplakken yn de frije ferkeap.

Op de oprop de foarige kear om ús te stypjen mei help by dekôrbou as oar soarte foarkommend wurk is gjin reaksje kaam. Fan dêr dat ik it noch eefkes neam. Hast wat tiid en wolst rûn begjin jannewaris in hântaast helpe? Lit it ús witte op ûndersteand nûmmer.

Kontakt mei ús opnimme kin troch in mailtsje te stjoeren nei sizze.en.dwaen.terwispel@gmail.com

As op tillefoannûmmer 06 44430603 fan Alke Burgerjon ús skriuwer.

Ut namme fan it bestjoer,

Thijs van der Veen