Sizze en Dwaen bringt elts jier in stik op de planken. De iene kear grút en in oare kear wat beskiedener.

It bestjoer bestiet út trije minsken, mar dernêst binne der noch  in soad minsken dy ’t harren help biede om de útfiering ta in sukses te meitsjen.

Om in suskes te heljen hawwe wy boppe al minsken nedich dy t spylje wolle.

Wy riede jo dan ek oan om kontakt op te nimmen as jo ré binne ris mei te dwaan oan in stik yn in gemoedlike sfear.

Lid wurde om ús feriening te stypjen en fergees nei de útfiering te kinnen is fansels altyd in boppeslach.

Bestjoer:
Foarsitter: Jeannette Westra
Sikretaris: Alke Burgerjon
Ponghâlder: Thijs van der Veen

Efkes foarstelle,
Sûnt de jiergearkomste op 2 april 2019 binne wy mei algemiene ynstemming beneamd ta it nije besjoer fan Sizze en Dwean. Yn ús easte geakomst hawwe wy de taken ferdield.

Wy’ binne,

Jeannette Westra;
Ik bin hielendal nij in Terwispel, ik ha 6 jier op ‘e Gordyk wenne, en dervoar 42 jier in Drachten wer ‘t ik berne bin. Ik haw 2 jier meidien mei de toniel feriening Ienfald & Freonskip fan de Gordyk. Ik wenje tegeare mei Rudi Ensing en myn soan Kevin op De Streek, Myn dochter Sylvana wennet yn Drachten. Nei dat ik de foarstelling ‘By Hiske’ sjoen hie, haw ik my oanmeld bij Sizze en Dwaen en no sit ik dus yn it bestjoer en bin de foarsitter. Neist de besjoerlike funksje bin ik ynearsten tonielspiler want dat is myn passy. Dat haw ik fansels meikrigen fan ús Heit Renze Westra, jimme fêst wol bekend. Ik soe sizze; Oant Sjen!

Thijs van der Veen;
Ik bin ek nij yn it bestjoer, mar bin al fanôf 1982 lid fan Sizze en Dwaen. Yn myn jonge jierren haw ik ek inkele kearen meispiele by de klub. Yn 1988 bin ik út Terwispel ferfearn. Nei in rûntsje Fryslân bin ik yn 2018 wer delstrútsen op it âlde sté oan de Streek nûmmer 7, tegearre mei myn frou Imkje en earst noch in koart skoftsje mei de jongste fan ús trije soannen. Ik haw ferskaate kearen  meispile by wikseljende tonielferieningen. Ek haw ik romme ûnderfining yn bestjoerlik wurk. Foar de twadde kear yn myn libben bin ik no ponghâlder wurden. In part fan myn wurk bestiet út it meitsjen fan begruttingen en it fieren fan de kontrôle dêrop, dat ik haw der alle betrouwen yn dat it wat dat oanbelanget wol goed komme sil. 

Alke Burgerjon;
Dit wurdt myn tredde jier dat ik my ynset foar Sizze en Dwaen. Myn driuwfear is dat ik it fan grút belang fyn dat de doarpsbewenners yn de gelegenheid stelt wurde om mei en foar elkoar toniel te spyljen. Troch it spyljen kin min him efkes yn in hiele oare wrâld wane. Foar aktearen bin ik net yn ‘e widze lein, mar troch myn bestjoersfunksje bin ik wol belútsen by it mei mooglik meitsjen fan it doarpstoniel yn Terwispel. Sels gean ik ek graach mei Roel nei tonielfoarstellingen te sjen, sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk. Ik bin de skriuwster fan de feriening. Ôfrûne jier haw ik de kurus projektleider dien omega replica. Ik bin fan doel om mei entûsiasme de opdiene kennis yn praktyk te bringen. Thús bin ik in soad dwaande mei sels ús iten te ferbouwen. De tún waakst no prachtich út en sil ús dizze simmer wer foarsjen fan iten. Foar fierdere nijs oangeande de plannen foar in nij op te fieren stik, wurde jimme op ‘e hichte holden yn ús doarpskrante, ‘De Wispelweagen’.

sizze.en.dwaen.terwispel@gmail.com