↓
 

Terwispel

Moai wenplak

Terwispel
  • Home
  • Nieuws
  • Plaatselijk belang
    • Dorpsbudget
    • Speeltuincommissie
    • Denktank
  • Agenda
  • Historie
  • Voorzieningen
    • Us Doarpshûs
    • Dorpskrant Wispelweagen
    • OBS “it Ambyld”
    • Dorpssteunpunt
    • Kinderopvang Esther
    • Medische hulp
    • Politie
    • Bedrijven
    • PikehokjeXL
  • Verenigingen
    • Bierproefclub “de trochsetters”
    • Biljartclub “earst Krytsje”
    • Boerenvereniging Terwispel
    • Brommer Club Terwispel
    • Schuttersvereniging
    • Buurtverenigingen
    • Stichting Dorpsfeesten
    • Toneelvereniging ‘Sizze en Dwaen’
    • Vereniging Tuinclub Terwispel
  • Sport
    • Sportvereniging Wispolia
    • Voetbalvereniging Wispolia
    • Gymnastiekvereniging UDA
    • Tennisclub “de Wispel”
    • Badmintonvereniging BCT
    • Recreatie Loop Terwispel
    • Biljartclub “earst Krytsje”
    • Volleybalvereniging TVC
    • Ijsclub Spaltenbrêge
    • Jeu de Boules
  • Contact

Categorie archief: Toaniel

Nijs fan Sizze & Dwaen

Terwispel Geplaatst op 22 oktober 2020 door Yme Jan Van der Draai24 oktober 2020

Bêste leafhawwers,

Wy wienen sa moai útein set mei in nije produksje. Dêr hie ik jimme de foarige kear al melding fan makke.

Eltsenien hie der mar wakker sin oan, spilers, regisseur en bestjoer. En dan giet it ynienen hurd de ferkearde kant op mei de korona besmettings yn ús lân.

Dat wurdt sa slim, dat wy ús beriede moatte op it eardere beslút om te begjinnen mei in nije produksje.

It doek falt, wy kinne net oars. Mei in soad hertsear hawwe wy moandei 5 oktober 2020 as bestjoer, yn oerlis mei de regisseur en spilers, it beslút naam om net langer fierder te gean foar dit winterskoft.

Wol hawwe wy sein dat wy dit yn it takommend jier wer op‘e nij besykje wolle mei itselde stik en deselde spilers en regisseur.

Wy hawwe yn de oanrin wol al kosten makke, mar fansels net safolle as wannear ’t wy spile hienen. Dêrom hawwe wy besluten om dit jier de kontribúsje troch de helt te dwaan. 

De automatyske ynkasso sil der op oanpast wurde.

Ik hie graach oar nijs brocht, mar it is wat it is. 

Wy sitte net stil en sille jimme op‘e hichte hâlde.

Út namme fan it bestjoer fan toanielselskip Sizze en Dwaen 

Thijs van der Veen

Ponghâlder.

Geplaatst in Algemeen,Toaniel

Nijs fan Sizze & Dwaen

Terwispel Geplaatst op 27 september 2020 door Yme Jan Van der Draai27 september 2020

Bêste tonielfreonen,

It tonieljier is krekt as by alle ferienings en klubs frjemd ôfrûn.
De jierfergadering moast ôfsein wurde. Dochs sjogge wy mei de spilersploech en it bestjoer werom op in tonieljier mei in soad wille en gesellichhyd ûnder leiding fan Jos.
Ek de reaksjes út it publyk wienen troch de bank naam hiel posityf.
De kaskommissje hat de jierboeken goedkart, dat wy kinne fan start mei in nij tonieljier.
Wy hawwe dan ek besletten om útein te setten mei in nije produksje.

Fansels binne der in grút tal ûnsekerheden, dat begripe wy ek.
Wy hawwe alles ôfwaacht en besletten in regisseur te sykjen, in stik te kiezen en spilers derby te freechjen.
De nije regisseur, Appie Nutters út Jobbegea woe de útdaging wol oan. It bestjoer hat sjoen mei Appie nei in stik. Dat is tige goed slagge.
Sadwaande kamen wy woansdei 29 july mei de ploech by elkoar om wat better mei elkoar yn ‘e kunde te kommen. It wie in slagge jûn. Under it genot fan in bakje té as kofje, mei in hiel lekker stikje selsmakke nútetaart fan Alke hawwe spilers en regisseur elkoar wat better kennen leart.
Om healwei 10 setten de spilers op hûs oan mei it tekstboekje en húswurk.

It stik sels, dêr wol ik yn earsten noch net it measte oer kwyt. Mar ik kim jimme no al sizze, it wurdt laitsjen.

Wy wolle wer trije útfierings fersoarchje krekt as ôfrûne winterskoft. Wy komme dan út op freed 22, sneon 23 jannewaris, beide jûnen om acht oere en snein 24 jannewaris matinee om fiif oere.
It hat ús goed foldien om faker as ien kear te spyljen. Dêr komt by dat it yn dizze ûnwisse korona tiiden net ferkeard is om rekken te hâlden mei de oardel meter, dy ‘t seker noch wol in skoft hanteard wurde sil.
Wy spylje op it toniel yn ús Doarpshûs, dat romte by de rûs yn de seal foar publyk.

Wy gean los, op dit stuit is dat ek tastien. Fansels is alles ‘ijs en wederdienende’ , want wy kinne net yn de takomst sjen.
Wy freechje jimme yn elts gefal ien fan dizze datums frij te hâlden om jimme fermeitsje te litten troch in ploech spilers dy ’t der wer sin oan hat. Wy sille jimme op ‘ e hichte hâlde.Ut namme fan it bestjoer fan tonielselskip Sizze en Dwaen

Thijs van der Veen
Ponghâlder.

Geplaatst in Toaniel

Nijs fan Sizze en Dwaen

Terwispel Geplaatst op 1 januari 2020 door Yme Jan Van der Draai29 augustus 2020
Op freed 24 en sneon 25 jannewaris om 20.00 oere en sneintemiddei 26 jannewaris om 17.00 oere hat Sizze en Dwaen foar jo spile “Kemping De Veenkolder”.
Wy wienen fol ferwachting en de ferwachtingen binne seker útkaam.
De seal siet beide jûnen mear as fol en ek op snein foar trijekoart. Bêst genôch dus.
 
De spilers namen jo in dei mei yn harren ferdivedaasjes op de ‘berne frije’ kemping. ‘Hearlik eefkes rêst’,….. No dat foel tsjin.
Mar doe’t in lyts mantsje hast troch wolven opfretten wurde soe, hiene wol alle kempinggasten noed oer syn lot.
It wie in feest fan herkenning mei in soad saken dy’t de revue passearden, sa as: in line spanne (“dit is myn plak”); mei elkoar kofje drinke; lûdsoerlêst en tal fan aktuele saken as de mûzen dy’t it lân kealfrette en hûndert ride op de sneldyk.
Sa as hast elts jier is der fansels minstens ien kear swier waar as jo op de kemping steane. It tongere, reinde en waaide omraak. Sa bot sels dat ien gast ferdwaalde en yn de tinte fan it lesbyske stel telâne kaam.
No ja, ein goed, al goed. De kemping moat fuort, mar der komme moaie betelbere wenningen foar yn ’t plak en dat kin Terwispel wol brûke fansels.
Wy hawwe trije skitterjende foarstellingen belibbe en mei wat ik sa hjir en dêr opfongen haw, it publyk seker ek.
En,… tinke jo nei dizze foarstelling, dat liket mei ek wol wat, toanielspylje. Nim dan kontakt mei ús op. Op nei takom jier!!
 
En net ûnbelangryk; der waard op dizze dagen ek hearlik neisitten by Sije en it oare persoaniel fan ‘Ús Doarpshûs’.
Ik neam net ien yn it bysûnder, mar alle minsken dy’t harren frije tiid opoffere hawwe: tige, tige tank. Sûnder frijwilligers soe it net moochlik wêze om in stik op de planken te bringen.
Wy hâlde op woansdei 1 april (nee, gjin grapke) de jierfergadering yn de jeu de boules seal.
De útnoeging hjir foar stie al yn it programmaboekje en komt noch yn de Wispelweagen. Mar set it alfêst yn jo bûsboekje. Wy rekkenje ek dan op in moaie opkomst.
Kontakt mei ús opnimme kin troch in mailtsje te stjoeren nei sizze.en.dwaen.terwispel@gmail.com
As op tillefoannûmer 06-44430603 fan Alke Burgerjon, ús skriuwer.
 
Út namme fan it bestjoer,
Thijs van der Veen, ponghâlder.
Geplaatst in Toaniel

Laatste nieuws

  • Siep Bijstra 1948 -2021 15 januari 2021
  • Mededelingen Plaatselijk Belang 17 december 2020
  • Wispelweagen december 2020 16 december 2020
  • Leonard Smit gaat hardlopen voor Serioius Request. 13 december 2020
  • Jaarverslag 2019/2020 van Ijsclub Spaltenbrêge. 30 november 2020
  • Buurtverlichting 28 november 2020
  • Nieuws van Plaatselijk Belang 18 november 2020
  • Wispelweagen november 2020 17 november 2020
  • Nijs út Us Doarpshûs 15 november 2020
  • Sint Maarten 2020 in Terwispel 28 oktober 2020

Nieuwscategorieën

  • Agenda (5)
  • Algemeen (24)
  • Doarpsfeest (1)
  • Plaatselijk belang (15)
  • Sport (4)
  • Toaniel (3)
  • Us Doarpshûs (8)
  • Video (21)
  • Wispelweagen (5)
↑